Diselfersmoarging yn grêft

14 des 2010 - 19:00
  • (argyffoto)

Op de Emmakade yn Ljouwert is moandei diseloalje loasd. De feroarsaker fan de fersmoarging is net fûn. It giet net om in hiel soad oalje. Wol soarget dy foar in sterke disellucht op de Emmakade.

Gewoanwei pleatst it wetterskip skermen om de fersmoarging hinne, mar dat kin no net fanwege de froast - dan soene de skermen fêst frieze. Loazingen fan diseloalje komme faker foar, mar midden yn de winter hast noait.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)