Diseldieven yn Ljouwert

06 jun 2013 - 10:11
  • Jerrycan

De plysje hat fannacht yn Ljouwert twa Ljouwerters en in frou út Sint Anne oanhâlden. Sy soene brânstaf stellen hawwe op in bouplak oan de Drachtsterwei.

In tsjûge seach it trio op de Ereprijs omskarreljen mei in jerrycan en fertroude de saak net en warskôge de plysje. Dy wachte de fertochten op by harren auto en seach se weromkommen mei de jerrycan. Se seine dat se motorpech hiene en dat der kuolfloeistof yn siet, mar nei kontrôle bliek der disel yn te sitten. De fertochten binne meinommen nei it buro foar neier ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)