Diseldieven yn De Houtigehage

04 jan 2014 - 10:32
  • Jerrycan

De plysje hat freed twa manlju oanhâlden foar it stellen fan disel. De brânstof wie stellen út in loads yn de Grinzer Pein. Tsjûgen hienen sjoen dat der in pear jerrycans by in auto klear stienen en warskôgen de plysje. De auto waard dêrnei sjoen yn De Houtigehage.

Doe't de plysje in 35-jierrige ynwenner fan Achtkarspelen om legitimaasje frege, liet er in pûdsje speed falle, dêrfoar waard hy oanhâlden. Yn in wenning oan de Pikstienen koe dêrnei ek in 27-jierrige Ljouwerter oanhâlden wurde. Ek hy wurdt fertocht fan it stellen fan de disel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)