Disel út graafmasines stellen

30 aug 2013 - 10:23
  • Tanke

Dieven ha tongersdeitenacht 500 liter disel stellen út masines by de Foanejachtbrêge by Warten. It giet om fjouwer graafmasines en kranen fan leanbedriuw Brouwer en Brouwer út Eastermar. Neffens it bedriuw rint de skea yn de tûzenen euro's om't de dieven de masines fernield ha. De plysje is dwaande mei in sykaksje nei de dieders.

De ferwachting is dat yn de takomste hieltyd faker en mear disel stellen wurde sil. Reade disel mei sûnt july allinnich mar mear brûkt wurde yn de skipfeart. Bedriuwen as Brouwer en Brouwer binne oanwiisd op gewoane, wite disel. De plysje seit dat der faak gjin oanjefte dien wurdt fan stellen disel. De oprop is om dat yn alle gefallen wol te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)