Disel út frachtwein rôve

06 jan 2013 - 13:09

De plysje siket minsken dy't wat sjoen hawwe fan it stellen fan 400 liter disel út in frachtwein dy't parkeard stie yn Kleaster-Lidlum. De stellerij moat west hawwe tusken freedtejûn healwei alven en sneontemoarn 7 oere. In Poalske sjauffeur hat oanjefte dien.

Opmerklik is dat der op in pear plakken folle jerrycans mei disel fûn binne. Dat wie op de Lidlumerwei op de hichte fan it patatfabryk en yn de berm yn de rjochting fan Easterbierrum. Mei-inoar is ûngefear 100 liter disel weromfûn. Wa't wat sjoen hat kin belje mei de plysje.

Wa't wat sjoen hat kin belje mei de plysje, op 0900-8844.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)