Dirk vd Broek út Fryslân wei

05 feb 2013 - 14:40
  • Dirk van den Broek

Supermerkketen Dirk van den Broek ferdwynt út Fryslân. De winkel yn Wolvegea wurdt oernommen troch Poiesz en de fêstiging yn Drachten wurdt sletten. Dirk van den Broek wol him foaral konsintrearje op it westen en midden fan it lân.

Mei de oername fan de winkel yn Wolvegea hat Poiesz dalik 63 fêstigings. De supermerk wurdt begjin maart oernommen en giet op 20 maart iepen as Poiesz. Alle fêste meiwurkers gean mei oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)