Dirk Hakze presintearret plan foar grut keunstwurk by Sleat

09 feb 2016 - 22:47
  • It plan foar it keunstwurk by Sleat
  • It plan waard tiisdeitejûn presintearre oan de ynwenners fan Sleat

Keunstner Dirk Hakze wol mei help fan 1919 oare keunstners fan út de hiele wrâld in Land Art-keunstwurk meitsje oan de râne fan de stêd Sleat. Ien en oar hat te krijen mei Kulturele Haadstêd 2018. It plan waard tiisdeitejûn presintearre oan de ynwenners fan Sleat.

It keunstwurk sil bestean út 2018 skilderijen op panielen, dy't mei-inoar in grut keunstwurk foarmje, opsteld yn in trijehoeke. Sawol de gemeente De Fryske Marren as de ynwenners fan Sleat sels binne posityf oer it lânskipskeunstwurk.

Al moatte de finânsjes en fergunningen noch wol yn oarder makke wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)