Dirk Fabriek twadde op WK

20 jun 2009 - 17:39
  • Dirk Fabriek

Dirk Fabriek is sneon goed begûn oan de searje wedstriden foar it wrâldkampioenskip langbaan. Yn it Tsjechyske Marianske Lazne waard de koereur út Jobbegea twadde yn de A-finale. De oerwinning wie foar de Dútser Gerd Riss. Theo Pijper fan Noardwâlde waard fiifde.

Jannick de Jong fan De Gordyk helle de A-finale net. Hy kaam út yn de B-finale en waard yn de totaalstân tsiende. It wie de earste wedstriid fan fiif foar it wrâldkampioenskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)