Dirk Fabriek tredde yn Vaasa

11 jun 2013 - 21:34

Dirk Fabriek is by de ynternasjonale wedstriden op de sânbaan fan Vaasa yn Finlân tredde wurden. De Fryske motorkoereur moast yn de finale de Dútser Matthias Kröger en de Fin Aki Pekka Mustonen foargean litte. Fabriek wie yn Finlân bleaun neidat hy sneon de earste wedstriid fan it WK riden hie yn Forssa. Omdat it starten net goed woe, ried er doe allinne de searjes. Yn Vaasa gong it al in stik better. De reis giet no nei Noarwegen, nei Forus. Dêr is sneon de twadde wedstriid fan de searje om de wrâldtitel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)