Dirk Fabriek tichtby titel

14 jun 2008 - 22:35
  • Dirk Fabriek (foto: Martin de Jong)

Dirk Fabriek fan It Hearrenfean is tichtby de Nederlânske titel gersbaanrace. Fabriek wûn sneontejûn yn Loppersum de tredde wedstriid yn de striid om de Nederlânske titel. Earder hie er ek de oare twa wedstriden yn Roden en op De Jouwer wûn. Op 17 augustus yn Eenrum kin Fabriek de titel pakke.

Jannick de Jong fan De Gordyk waard lyk as yn de oare wedstriden tredde en stiet ek tredde yn it klassemint. Erik Eijbergen (Zorgvlied) is de twadde man.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)