''Direkteuren ha miljoenen fertsjinne oer rêch meiwurkers''

12 apr 2016 - 06:23
  • It kantoar fan Alliade op It Hearrenfean

It fakbûn FNV fynt it net te leauwen dat de klanten fan thússoarchoanbieder Alliade op It Hearrenfean dy't harren fertroude fersoargers fanwegen besunigings kwytrekken, dernei by de bedriuwen fan de twa direkteuren fan Alliade út kamen. Op dizze wize ha de twa direkteuren miljoenen fertsjinne oer de rêch fan harren meiwurkers en de klanten fan Alliade, sa seit it fakbûn.

Belangeferfrisseling

Moandei waard fia RTL Nieuws bekend dat der by Alliade sprake is fan ferbeane belangeferfrisseling om't de direkteuren opdrachten oanbestegen oan soarchbedriuwen dêr't se sels eigener fan binne. Neffens it fakbûn geane de tafersjochhâlders ek net frijút. Dy hienen earder optrede moatten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)