Direkteur wurket oan oplossing skoalle Aldebiltsyl

11 feb 2015 - 16:11
  • Basisskoalle SWS Ouwe Syl yn Aldebiltsyl

Tydlik direkteur Dietske Bouma fan basisskoalle Ouwe Syl yn Aldebiltsyl ferwachtet fjouwer wiken nedich te hawwen foar in oplossing foar it konflikt. Se is woansdei mei har wurk begûn en hat al praat mei in tal belanghawwenden. Sy sil ek it ûnôfhinklike ûndersyk útfiere dêr't in groep ferûntrêste âlden op oantrunet.

In tal learkrêften en âlden kamen yn opstân nei it fuortgean fan ien juf. Net allinnich om it opstappen fan de populêre juf, de problemen soene noch wol djipper sitte. De skoalle gie sels eefkes ticht.

Der is in brief nei de âlden gien mei de fraach om har oan te melden foar de meisizzenskipsried. Dy moat wer folslein wurde en as fertsjintwurdiger fan âlden meidwaan kinne yn de syktocht nei in oplossing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)