Direkteur Westerbaan dûkt ûnder

23 nov 2002 - 00:00

Direkteur Brander fan it sawat fallite boubedriuw Westerbaan is tegearre mei syn frou ûnderdûkt. Guon skuldeaskers ha Brander freed by him thús mei kneppels bedrige. Osinga fan fakbûn CNV hat dit sneon bekend makke, de plysje wist doe noch fan neat.

Inkelde wurknimmers fan Westerbaan hawwe by de plysje oanjefte dien tsjin Brander fanwege stellerij. De direkteur soe ark by Westerbaan weinommen hawwe foar syn nije boubedriuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)