Direkteur Sviatoslav oanklage

24 apr 2014 - 17:01

De direkteur fan stifting Sviatoslav wurdt troch it Iepenbier Ministearje oanklage foar in sedemisdriuw. De Skearnegoutumer (51) soe op ynternet besocht ha om in moeting mei in famke te regeljen om seks mei har te hawwen. De fertochte hat doe ek seis wiken fêstsitten. Op dizze saneamde grooming stiet in maksimumstraf fan twa jier sel.

It ynsidint soe plakfûn ha tusken 2010 en 2013. It slachtoffer is no 16 jier en komt it út it bûtenlân. Neffens it Iepenbier Ministearje hat de fertochte it famke fia de stifting Sviatoslav moete.

De fertochte sels ûntkent. Hy seit dat it ferhaal oars leit en dat hy slachtoffer is fan in 'hetze'. Ek it bestjoer fan stifting Sviatoslav, dy't him ynset foar bern yn Sint Petersburch en Tadzjikistan, seit dat de oanklacht net wier is. It bestjoer lit witte efter de direkteur te stean. As de rjochter ta in feroardieling komt sil de stifting opdoekt wurde fanwege it skeinde imago. De fertochte moat op 19 maaie foarkomme yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)