Direkteur skrikt fan tinkbylden

26 mrt 2005 - 14:29

Direkteur Doodkorte fan Piter Jelles Montessori yn Ljouwert is skrokken fan ekstremistyske tinkbylden fan guon learlingen. Op in diskusjebyeinkomst oer de islam, woansdei, kaam mar de helte fan 'e bern fan trije-VWO opdaagjen.

Neffens learlingen dy't der wol wiene kaam dat troch hoe't de oare bern tinke oer de islam. It giet net om in grutte groep, mar Doodkorte fynt it serieus genôch om der omtinken oan te jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)