Direkteur Mulder fan Sport Fryslân stapt oer nei LifeLines

04 des 2014 - 15:53
  • Saakje Mulder wurdt direkteur fan LifeLines

Direkteur Saakje Mulder fan sportkennissintrum Sport Fryslân leit nei seis jier har funksje del. Op 1 febrewaris 2015 giet se oan de gong as algemien direkteur fan ûndersyksburo LifeLines.

LifeLines is in organisaasje dy't wittenskiplik ûndersyk docht nei hoe't de âlderein yn Fryslân, Grinslân en Drinte sûn âlder wurde kin. LifeLines is it grutste ûndersyk fan syn soart, mei tsientûzenen dielnimmers fan ferskate generaasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)