Direkteur keatsbûn stapt op

11 feb 2013 - 19:21
  • René Ahlers

René Ahlers stapt op as direkteur fan keatsbûn KNKB. Mei yngong fan 1 july fan dit jier leit er syn funksje del. Hy kin syn wurk net mear kombinearje mei syn wurksumheden foar it fuotbalbûn KNVB.

Trije jier ferlyn waard Ahlers oansteld as direkteur fan it KNKB. Neffens him binne de belangrykste doelstellings helle en is der in grutte profesjonalisearringsslach makke. Om de keatssport yn de takomst noch oantrekliker te meitsjen, sit der noch in soad wurk oan te kommen.

Wurkje foar KNKB en tagelyk KNVB wurdt dan te swier. Ahlers hat oanjûn dan foar it fuotbalbûn te kiezen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)