Direkteur dokterswacht non-aktyf

24 des 2002 - 00:00

Direkteur Roorda fan de dokterswacht Fryslân is op non-aktyf steld. Neffens de Ried fan Tafersjoch fan de dokterswacht is der in ferskil yn fizy. Ek soe Roorda saken bûten de Ried om regele hawwe.

Neffens foarsitter Wallis fan de distriktshúsdoktersferiening DHV hawwe de bestjoerlike swierrichheden gjin gefolgen foar de pasjinten. De dokterswacht is ferantwurdlik foar de jûns tsjinsten fan de húsdokters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)