Direkteur De Vries dochs wer oan it wurk op Burgerskoalle

08 jan 2015 - 15:30

Direkteur Germ de Vries fan de Burgerskoalle yn Dokkum is foarearst wer oan it wurk op de skoalle. Nettsjinsteande syn ûntslach troch koepelorganisaasje Roobol bliuwt De Vries oant takom wike freed by de skoalle belutsen. Hy docht dit om foar rêst te soargjen by de bern.

De direkteur moast fan Roobol per 1 jannewaris fuort, mar foar de krystfakânsje waard bekend dat er op 5 jannewaris dochs wer oan it wurk koe, om sa de oergong nei in nije ynterim-direkteur soepel ferrinne te litten. Oan de ein fan dei moast er lykwols dochs wer fuort.

Direkteur Germ de Vries moat fuort om't der in ferskil fan ynsjoch is oer it ûnderwiis op de Burgerskoalle. De âlden en de bern fan de skoalle binne just hiel wiis mei De Vries en wolle him net kwyt.

Ferûntrêste âlden hawwe earder dizze wike symboalysk de kaai fan de skoalle oanbean oan de ferantwurdlik wethâlder. Sy hoopje dat de gemeente wat foar harren betsjutte kin yn de argewaasje dy't ûntstien is mei koepelorganisaasje Roobol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)