Direkteur De Lawei giet fuort

22 apr 2003 - 00:00

Teater de Lawei yn Drachten moat op syk nei in nije direkteur. Mei yngong fan 1 augustus giet de sittende direkteur, Ruud van Zuilen, fuort. Hy wurdt direkteur fan de skouboarch yn Arnhem. It bestjoer fan de Lawei fynt it spitich dat Van Zuilen fuort giet.

Neffens it bestjoer hat Van Zuilen yn de fjouwer jier dat er direkteur west hat in soad inisjativen mei sukses op gong brocht. It bestjoer sil op koarte termyn neitinke oer in opfolger.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)