Direkteur ad-ynterim De Meldij

19 des 2008 - 14:54

Mei yngong fan 2009 is Meindert Bosklopper oansteld as direkteur ad-ynterim bij it sintrum foar de keunsten De Meldij yn Drachten. De oanstelling folget op it ûntslach fan de eardere direkteur Marianne Bloot. Se koe it net iens wurde oer de ynfolling fan de direkteursfunksje.

Bosklopper is op dit momint ek noch wurksum by it Friesland College yn Ljouwert en hat earder al ûnderfining opdien by it sintrum foar de keunsten A7 en Keunstwurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)