Direksje optimistysk oer trochstart De Mâr

25 jan 2015 - 11:58
  • Houtkonstruksjebedriuw De Mâr
  • Houtkonstruksjebedriuw De Mâr
  • Houtkonstruksjebedriuw De Mar

By houtkonstruksjebedriuw De Mâr hâlde sechtich fan de goed hûndert meiwurkers har baan fanwege de trochstart. Ferline wike tiisdei is it bedriuw út Grou en Wolvegea fallyt gong troch de algehiele malêze yn de bou. Neffens kurator Marco Kalmijn is by de direksje in soad optimisme oer de trochstart.

Foar kommende woansdei wurdt dúdlik watfoar minsken krekt oan de slach bliuwe kinne en wa net. Underwilens wurdt wol gewoan trochwurke yn it bedriuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)