Direksje Mercurius is opstapt

14 mrt 2013 - 12:45
  • Mercurius RTV

De direksje fan de Ljouwerter lokale omrop Mercurius is opstapt. De beide direksjeleden Peter Kraft en Jan de Vries fine dat se har wurk net goed dwaan kinne. It bestjoer fan Mercurius soe him tefolle bemuoie wolle mei de deistige gong fan saken.

Ferline jier wie der in skeel mei de direkteur en stie it bestean fan Mercurius faai. In groep fan programmamakkers begûn doe in aksje ûnder de namme KWIK. Kraft en De Vries komme ek út dizze groep, dy't doe de lieding krigen hat oer de lokale omrop fan Ljouwert.

It bestjoer fynt it opstappen fan de beide direkteuren spitich, sa seit wurdfierder Edwin Kramp. Mar omdat der in soad barre moat foar in goede takomst fan Mercurius, wol it bestjoer tichter op de direksjetaken sitte. De opstapte direkteuren Kraft en De Vries hâlde ek op mei it meitsjen fan programma's by Mercurius.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)