Direksje Fano Food skorst

24 jul 2003 - 00:00

De twa direkteuren fan it bedriuw Fano Fine Food fan Easterwâlde binne skorst. Fano Fine Food makket salades en oare itenswaar. By it gearstallen fan 'e jierrekken troch it akkountantsburo kamen ûnregelmjittichheden op 'e lappen, dy't oanlieding wiene om de direksje fuortendaliks te skorsen.

Der is no in ynterim-direkteur oansteld. Dy liedt no it ûndersyk nei de problemen mei de jierrekken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)