Direksje fan Belvédère beneamd

28 maaie 2004 - 00:00

It nije Belvédère-museum yn Oranjewâld krijt Thom Mercuur as direkteur en konservator. Stina van der Ploeg is beneamd ta direkteur bedriuwsfiering. Belvédère is it earste museum yn Fryslân foar hjoeddeistige keunst.

Mercuur wie earder direkteur fan it Coopmanshûs en konservator moderne keunst fan it Fries Museum. Van der Ploeg wurket no noch by it Ryksmuseum yn Amsterdam. It museum Belvédère wurdt op 24 novimber iepene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)