Direksje ekspedysjebedriuw frege sels fallisemint oan

27 nov 2014 - 12:32
  • Frachtweinen

De direksje fan ekspedysjebedriuw E. van der Veen yn Burgum hat sels it fallisemint oanfrege. Dat lit kurator Mathijs Oudman witte. It bedriuw hat in skuld fan 3,3 miljoen euro. De kurator sjocht nei de mooglikheden fan in trochstart. Der binne oant no ta fiif à seis bedriuwen dy't harren meld hawwe foar in oername. De wurknimmers hawwe harren easken dellein by de fakbûnen. Se wolle net dat der in trochstart komt mei de hjoeddeistige direksje. De kurator hâldt rekken mei de winsken fan de wurknimmers, sa seit er.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)