Direksje Amels hifket easken

16 feb 2005 - 11:35

De direksje fan skipwerf Amels nimt fjirtjin dagen de tiid om nei te tinken oer de easken fan 'e fakbûnen. Lykas bekend moat de lokaasje Makkum ticht.

De bûnen easkje no 8 miljoen foar in sosjaal plan en it ôfbouwen fan in Poalsk superjacht. Boppedat moat de direksje kontakten lizze mei mooglike keapers. Oars meitsje de 170 wurknimmers twa lúkse jachten net ôf. De wurknimmers krije woansdei ynformaasje oer de nije ûntjouwings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)