Diplomearre EHBO-dosinten krap

18 feb 2004 - 00:00

Yn Fryslân is in grut tekoart oan diplomearre EHBO-dosinten. Ferline jier is net ien dosint oplaat. Der binne yn Fryslân no sa'n 125 minsken dwaande mei it jaan fan earste helplessen. Dat wurde der fanwege de fergrizing hieltyd minder. Foar it folgjen fan EHBO-les is lykwols wol hieltyd mear ynteresse.

Dat de animo foar it jaan fan EHBO-les sa lyts is soe te krijen ha mei it feit dat it om min betelle frijwilligerswurk giet dat in soad tiid kostet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)