Diploma's Frysk en Ingelsk foar trijetalige skoalle Marsum

29 jun 2015 - 09:35

De bern fan groep 5 oant en mei 8 fan trijetalige basisskoalle De Pôlle yn Marsum hawwe moandei diploma's Frysk en Ingelsk útrikt krigen fan deputearre Sietske Poepjes. De skoalle draait no ien jier mei yn in lanlike proef mei meartalich ûnderwiis om mear as gemiddeld yn it Ingelsk les te jaan, neist fansels Nederlânsk en Frysk.

De Pôlle is de iennichste saneamde 3+skoalle yn Fryslân dy't meidocht oan dit trajekt dat yn totaal fiif jier rint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)