Diploma foar skjinne fiskers

25 jun 2010 - 17:28

Yn de haven fan Harns hawwe alve skippers freed in sertifikaat krigen foar it meidwaan oan de ynternasjonale aksje 'Fishing foar litter'. De skippers helpe mei om de see skjinner te meitsjen troch gjin smoargens dat yn netten komt oerboard te smiten.

Ynstee dêrfan wurdt smoargens sammele yn grutte plastik-boksen. Dizze kinne fergees oanbean wurde yn havens. Lanlik dogge 67 fiskers oan de aksje mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)