Diploma foar goed opfieden bern

16 jun 2004 - 00:00

47 bern út Snits ha woansdei in diploma krigen, as bewiis dat se goed grutbrocht binne. It giet om in sertifikaat fan it projekt Opstap. Dêrby wurde âlden holpen by de opfieding fan de bern.

It giet benammen om sosjaal swakke en allochtoane gesinnen. Bern tusken de 2 en 6 jier wurde holpen. Bedoeling is dat se dan minder gau sitten bliuwe op skoalle en better praten leare. Yn totaal dogge 50 Snitser gesinnen mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)