Diploma foar dûanemeiwurkers

07 feb 2002 - 00:00

Foar it earst yn hast santich jier wurde tongersdei stjoermansdiploma's útrikt. Dat bart op de seefeartskoalle yn Harns. Acht meiwurkers fan de dûane folgen de kursus it ôfrûne healjier.

It personiel die de oplieding om't de dûane mei it patrûljeskip omgean moat dat meikoarten komt. By foldwaande belangstelling wurdt de kursus fan augustus ôf op 'e nij oanbean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)