'Dioksine-ûndersyk is net ôf'

13 jan 2014 - 21:09
  • Jennifer Steevensz

Frisse Wind wol witte wat de boarne fan de dioksinefersmoarging by Harns is. Fraksjefoarsitter Jennifer Steevensz fynt dat it ûndersyk fan de GGD noch net ôf is. Moandei waard it rapport presintearre. Neffens Steevensz soe der sprake wêze kinne fan in lanlik probleem, omdat de fersmoarging by Harns oerienkomt mei dy yn oare parten fan Nederlân, lykas Limburch.

Frisse Wind brocht de dioksinekwestje by de hobbypikehâlders oan it rôljen. Steevensz is bliid dat har sifers oerienkomme mei dy fan de GGD, mar fynt dat der mear mei dien wurde moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)