Dioksine-ûndersiken hast klear

16 nov 2004 - 12:43

De beheinings foar in lytse 10 boeren yn Fryslân troch de dioksinebesmetting yn it feefoer binne ein dizze wike foarby. Dat ferwachtet de NLTO.

Yn Flevolân waard dioksine yn molke fûn. De stof wie ôfkomstich út resten fan patatfabryk McCain. Boeren brûkten de resten as feefoer. In tal bedriuwen is doe op slot setten, om út te sykjen oft de dioksine ek yn de foedselketen bedarre wie. Dat ûndersyk is nei ferwachting ein dizze wike klear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)