Dingsdag wiken út rûlaasje

10 nov 2008 - 15:13

Trainer Trond Sollied kin de kommende wiken gjin berop dwaan op Michael Dingsdag. De Hearrenfean ferdigener is útskeakele troch in skouderblessuere. Dingsdag kaam snein yn 'e útwedstriid tsjin ADO Den Haach (0-1) ûngelokkich yn oanrekking mei in tsjinstanner. Dêrby rekke syn skouder út it potsje.

Oanfaller Roy Beerens is moandei wer mei de groepstraining begûn. De bekerwedstriid tsjin de amateurs fan Haaglandia komt te betiid foar Beerens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)