Dingsdag op 'e bank tsjin ADO

30 okt 2009 - 13:55
  • Michael Dingsdag

Hearrenfeanspiler Michael Dingsdag sit sneontejûn yn de wedstriid tsjin ADO Den Haach op de bank. Trainer Jan de Jonge jout de foarkar oan Daryl Janmaat op de rjochtsbackposysje en it sintrale duo Bak Nielsen en Breuer.

Ek Gerald Sibon begjint tsjin ADO op 'e bank. Papadopulos stiet yn de spits. Roy Beerens komt werom fan in ljiskblessuere en sil rjochts yn de oanfal spylje. Oussama Assaidi spilet op de linkerflank. Hearrenfean stiet nei alve wedstriden 17e.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)