Dingsdag nei Hearrenfean

03 jun 2006 - 13:25

Ferdigener Michael Dingsdag giet fan Vitesse nei SC Hearrenfean. De 23-jierrige linkspoat tekenet in kontrakt foar fjouwer jier. Dingsdag spile by Vitesse njoggentich wedstriden as sintrale ferdigener. Hy skoarde dêryn trije kear.

De komst fan de 25-jierrige Braziliaan Alfonso Alves, topskoarder fan it Sweedske Malmö is noch net wis. Hearrenfean wol him wol graach ha, mar de ûnderhannelings binne noch net rûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)