Dimmu Borgir op Wâldrock

24 feb 2005 - 11:32

De Noarse blackmetalband Dimmu Borgir spilet sneon 4 juny op it Wâldrock festival yn Burgum. Op de spyllist binne fierder DIO en Accept fêstlein, lykas Black Label Society en Soilwork.

Wâldrock wurdt dit jier foar de achttjinde kear hâlden. De foarferkeap fan it metalfestival begjint kommende sneon. Der binne 12.000 kaarten beskikber. Ferline jier kamen der 9000 minsken nei Wâldrock, it jier dêrfoar wie it útferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)