Diktee: De Vries, Dykstra winne

27 apr 2006 - 20:11

It Grut Frysk Diktee 2006 hie net ien mar twa winners. Oersetter Fedde B. Dykstra fan Wurdum waard útroppen ta winner. Mei 14 flaters wie Dykstra net de bêste dielnimmer. Dat wie sjoernalist Sietse de Vries fan de Ljouwerter Krante mei 12 flaters.

Tsientallen minsken diene thús oan it diktee mei troch yn te loggen op de website fan Omrop Fryslân. Gerrie Tichelaar fan Easterbierrum wie de bêste fan dizze groep.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)