Diks: Media Art kin trochgean

21 maaie 2010 - 14:38
  • De Blokhûspoarte yn Ljouwert

De foto-útstalling Noorderlicht en it Media Art festival yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert kinne gewoan trochgean. Saakkundigen sille de âlde finzenis nochris goed besjen en dan sil de gemeente de fergunnings ôfjaan, seit kultuerwethâlder Isabelle Diks.

Earder wiisde Ljouwert de oanfraach fan foto-útstalling Noorderlicht noch ôf, omdat parten fan de Blokhûspoarte net feilich wêze soene. Diks seit lykwols no dat de wichtichste problemen oplost binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)