Diks makket him net drok

18 jan 2013 - 12:19

Assistint-skiedsrjochter Mario Diks fan Ljouwert makket him net drok oer lûden fan Feyenoord-supporters dat hy snein mooglik net objektyf wêze sil by it topduel Ajax-Feyenoord. Diks is oanwiisd as flaggenist, wylst er yn it deistich libben wurket by Ajax-sponsor AEGON.

Op de supporterswebsite fan Feyenoord stelle supporters dat Diks dêrtroch partijdich wêze kin. Diks sels hellet syn skouders op oer de krityk. Ek it fuotbalbûn KNVB is net bot ûnder de yndruk.

De wedstriid Ajax-Feyenoord is de earste klassiker foar de Ljouwerter assistint-grinsrjochter. Ek de oare man mei de flagge is in Fries, Hessel Steegstra fan Snits. De wedstriid wurdt sneintemiddei spile yn Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)