Diks listlûker PAL/GrienLinks

23 jun 2013 - 13:34
  • Wethâlder Isabelle Diks

Wethâlder Isabelle Diks is listlûker fan PAL/GrienLinks by de kommende weryndielingsferkiezings fan Ljouwert/Boarnsterhim. Diks wûn sneon op de ledegearkomste de listlûkersferkiezing fan riedslid Jan Atze Nicolai. Fraksjefoarsitter Gerben Hoogterp stiet twadde op de list fan PAL/GrienLinks. Evert Stellingwerf is op it tredde plak de heechste nijkommer.

Sittende riedsleden Jan Atze Nicolai en Elizabeth Hietkamp steane op 4 en 5. Nestor Piet van der Wal stiet op it 7e plak, nei alle gedachten te leech om wer yn de ried keazen te wurden.

Diks is yn Ljouwert wethâlder fan ûnder oare kultuer en miljeu.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)