Dikke boetes foar thússoarch

27 okt 2010 - 22:35

De Fryske thússoarchynstellings De Friese Wouden en Thuiszorg Zuidwest Friesland binne troch de Nederlandse Mededingingsautoriteit op de fingers tikke. Neffens de NMA binne beide organisaasjes skuldich oan it meitsjen fan priisôfspraken.

Thússoarch Súdwest Fryslân moat no in boete fan goed 3 ton betelje en de Friese Wouden 2 miljoen euro. Thússoarch Súdwest Fryslân lit witte dat der earst nei de útspraak sjoen wurdt en dat der mooglik in berop komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)