Diken W.Stell. op 'e skeppe

23 mrt 2010 - 18:34

De gemeente Weststellingwerf sil ynkoarten los mei in oantal grutte projekten oan de diken yn de gemeente. Under oare twa krúspunten by Wolvegea sille op de skeppe. Ek sil der sjoen wurde nei de ferkearssituaasje yn De Blesse.

Om oerlêst te beheinen wurde de projekten yn fazen ôfwurke. Yn totaal jout de gemeente goed 450 tûzen euro út oan de diken. Begjin april wurdt der úteinset mei it earste projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)