Diken Twizelerheide opknapt

08 jul 2006 - 16:29

Fjouwer diken yn Twizelerheide wurde opknapt. It giet om it Heideloantsje, de Koelstrawei, de Raepdraeijersreed en de Hiltsjemuoiwâlden. Se hawwe twa jier lyn in soad te lijen hân fan de rekonstruksje fan de trochgeande dyk troch it doarp. De diken waarden brûkt as omliedingsrûte.

Achtkarspelen lûkt dit jier 635.000 euro út foar diken. In part wurdt ek stutsen yn diken yn Surhústerfean, Twizel en Koatstertille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)