Diken Súdwesthoeke sjippeglêd

21 des 2009 - 09:41
  • Dizze frachtauto blokkearre moandei in skoft de brêge fan Spannenburch

Yn Súdwest-Fryslân is it sjippeglêd. Neffens de plysje izelet it dêr. It reinwetter dat der op it stuit falt friest fêst oan de diken. It giet om it gebiet tusken de marren súdlik fan De Jouwer.

De N354, ek wol bekend as de strjitwei, is by Spannenburch ôfsletten foar alle ferkear. By de brêge fan Spannenburch is in frachtwein yn de slip rekke. Hy stiet dwers oer de dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)