Diken ôfsletten fanwege derby

17 okt 2014 - 11:42

Yn ferbân mei de Fryske twastriid tusken SC Hearrenfean en SC Cambuur binne snein in oantal diken op It Hearrenfean tydlik ôfsletten foar al it ferkear.

De Nijstrjitte tusken ôfslach Tjerkestrjitte en ôfslach Heidebuorren is ôfsletten fan 9.00 oant 17.30 oere. De parkeargaraazje is wol berikber. Ek de Stadionwei tusken ôfslach Atalantastrjitte en ôfslach Abe Lenstrabûlevaaar is ôfsletten. Dit duorret fan 9.30 oant 15.30 oere. Dizze beide stjitten sels binne wol berikber. Minsken wurde advisearre om snein op tiid nei it stadion te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)