Diken De Gordyk wurde opknapt

17 jan 2012 - 12:13

No't de nije rûnwei om De Gordyk yn 2012 oanbestege wurdt, kin de gemeente Opsterlân ek fierder mei it oanpakken fan de hjoeddeistige trochgeande dyk troch it sintrum fan it doarp. De kosten om de Nijewei, Hegedyk en Badwei op 'e nij yn te rjochtsjen binne hast 2 miljoen euro. It wurk begjint yn 2013.

De gemeente en provinsje stelle 1,3 miljoen beskikber. Opsterlân freget derneist in subsydzje oan fan mear as 540.000 euro. De oanlis fan de rûnwei kostet mear as 11 miljoen euro en wurdt troch de provinsje betelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)