Dijkstra huldige yn Wurdum

04 aug 2003 - 00:00

Skipper Eelke Dijkstra en syn bemanning binne moandei huldige yn Wurdum. Mei de Oude Zeug hat Dijkstra it silen fan de IFKS wûn dit jier. It wie foar de ploech de twadde kear dat se dit kampioenskip yn de A-klasse pakten. Loko-boargemaster Krol fan Ljouwert spruts de winners ta.

Mei in liende mêst -syn eigen wie in pear dagen foar de silerij brutsen- waard Dijkstra op 'e nij kampioen foar Sieb Meijer en Jacob Huisman.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)