Dijksma op 'dongbesite'

11 feb 2013 - 15:47
  • Steatssekretaris Dijksma yn Nij Bosme Zathe

De dongregels moatte ferromme wurde. Dy oprop hat de gemeente Ljouwert dien oan it ministearje fan Lânbou. Steatssekretaris Dijksma wie moandei op wurkbesite yn Ljouwert. Se seach ûnder oare by de proefbuorkerij Nij Bosma Zathe.

De regels fan no binne te strang om fan dong enerzjy te meitsjen. Yn Ljouwert wurdt wurke oan metoades om mear brânstoffen út kowestront te heljen. No wurdt dêr al grien gas út wûn. Yn de takomst soe dat mear wurde kinne. De gemeente Ljouwert trunet oan op ekstra subsydzje en minder regels.

Dijksma seit gjin jild te hawwen, mar se wol graach meitinke oer rommere regels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)